Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Famyljebedroch

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Jean Restout*

’t Koe minder by syn omke Laban
om’t er Rachel rinnen seach
mei faak har eachopslach nei him,
fereale hold er dy yn ’t each,
syn hert sprong iepen by har stim.

Image

It koe net oars, hy moast wol iepen
wêze yn ’t kontraktpetear:
foar Rachel sân jier hoederskip
yn tsjinst fan Laban, dat wie klear,
as flechtling krige hy wer grip.

Mei ’t each op Rachel fleagen jierren
as de dagen nei dè dei,
mar nei de nacht, by ’t earste ljocht,
waard hy gewaar wa’t nêst him lei:
de âldste, Lea, tsjin syn rjocht.

Doe kaam by him it ûnrjocht boppe
fan ’t bedroch mei Ezaus hûd,
it siet him yn ’t famyljebloed,
hy hie gjin rjocht om lûd te roppen.

* Jean Restout (1692-1768)
Skilderij ‘Jakob en Laban’

admin

Jakob en Rachel

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Jean Restout*

Leech wie syn learen wettersek
en droech as sân syn mûle
doe’t er seach de swiere stien,
de ein, hy hie him yn de bek.

Hy joech him del, der wie gjinien,
net lang, der kamen hoeders
del foar wetter út ‘e put,
hy is der daliks hinnegien.

Syn namme, Jakob, hie gjin nut,
mar doe’t er omke Laban
neamde, koene se dy wol,
de heit fan Rachel, man fan ’t wurd.

Sy kaam deroan, syn moed skeat fol,
mar leech bleau earst syn mûle,
alle spieren loeken strak.
‘Ik rêd it wol,’ sa klonk it gol.

Image

Hy griep de stien en mei in smak
kaam dy yn ’t sân telâne,
op dat stuit seach hy mar ien
en skepte wetter yn har bak.

* Jean Restout (1692-1768)
Skilderij ‘Jakob moetet Rachel’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum