Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Mozes

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Net dat se faak allinnich is,
de dochter fan de farao
hat altyd fammen om har hinne,
mar der is dochs in gemis,
se fielt har soms allinne.

Mei seis freondinnen nei de Nyl,
wa hat dat yn Egypte no…
allinnich dy’t fan adel binne;
skjin fan lichem is har styl,
dan droegje yn de sinne.

Image

It selskip komt rap op har ôf,
de seis freondinnen yn panyk,
se komt en sjocht in boatsje driuwen
mei in jonkje yn it blau
dat gûlt, sa kin ’t net bliuwe.

Net dat se him net widzje kin,
mar is sy oan in mem allyk?
Sjedêr, in famke kin fertelle
dat in frou fersoarget bern…
him ek… út ’t wetter helle.

* In Fatikaansk fresko,
makke troch skilders
út ‘e rûnte fan Rafaël

admin

Yn it arkje

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*
fan Gustave Doré**

As slavernij de minske bynt
oan machten boppe him,
dan giet noch mear ferlern
as inkeld frije hân en stim,
se komme oan syn bern.

Image

Sjoch Joazefs folk yn brút geweld
oan ’t wurk mei liem en stien,
mar ’t groeit tsjin swipen yn…
dan is ’t ynienen dien,
gjin soantsje dat mear telt.

It wetter riist, it berntsje sinkt,
mar net it arkje dat
de soan derboppe hâldt
mei ingelmacht, hy hat
gjin weet fan syn behâld.

Image

* In diel fan de 13de ieuske mozaiken
yn de Mozeskapel fan de San Marko
te Fenetië

** Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Mozes te fûnling lein’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum