Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Befrijende froulju

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Salomon de Bray*
fan Ottavio Vannini**

Image

It binne froulju dy’t befrije
’t bange folk fan fijâns izermacht,
wol njoggenhûndert weinen,
sy nimme rjocht en slach yn acht,
de Iene jout lykwols syn seine.

Debora wie foar ’t folk de rjochter,
woe dat Barak waard de generaal;
dy doarde net allinne,
want Sisera spriek wrede taal,
hoe koed er ’t fan sa’n fijân winne?

De frou gie mei en sei: ‘De eare
komt net ta oan dy, mar oan in frou,
har hân sil him oerwinne.’
Doe’t Sisera kaam yn it nau,
koe hy allinnich noch mar rinne.

It binne froulju dy’t befrije:
Jaels tinte wie foar Sisera
om op ‘en djipst te sliepen,
sy rûn mei ’t izer op him ta
en sloech syn beide sliepen iepen.

Image

* Salomon de Bray (1597-1664)
Skilderij ‘Jael, Debora en Barak’

** Ottavio Vannini (1585-1643)
Skilderij ‘Jael deadet Sisera’

admin

Gûlplak Bokim

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

It doel wie helle: eigen lân,
dat troch de Iene tasein wie,
it libben bylke lykas nij,
de stammen wiene út ‘e rie,
der klonk in lûd jûchhei.

Image

Ynienen klom in ingel op
fan Gilgal út nei Bokim ta,
gjin freugde wie him oan te sjen,
hy moast in flymjend boadskip ha,
it libben hie syn glâns ferlern.

‘De Iene sleat mei jim ’t ferbûn
en swarde: Ik ferbrek it net,
mar jim ferbûnen jim mei har
dy’t knibbelen foar ôfgods wet,
har goaden wurde jim te bar.’

It eigen wenplak like frjemd
foar ’t folk, it wist him amper rie
en gûlde Bokim triennen ta;
doe’t elk wer wat kalmearre wie,
wie ’t doel: God soe in offer ha.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘It ferskinen fan de ingel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum