Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Dûbele flok

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Image

Hoe is it safier kommen
dat Agag op ‘e knibbels leit,
de kening fan folk Amalek?
’t Komt dat Samuël de wierheid seit:
hy is foargoed ferdomme.

Folk Amalek hie deade
fan Israel de mem en ’t bern
op reis nei it beloofde lân;
Samuël joech troch: ”t Is no ferlern,
slaan dea al dat ferkearde!’

Kening Saul sloech ta, mar sparre
de kening en it fette fee
en rjochte foar him op in stien:
‘Hjir, sjoch by my op, ik bin no ree
en kin op ’t fette tarre!’

Samuël moast doe wol komme
mei foar twa keningen in flok:
Saul rekke kroan en mantel kwyt,
Agag woe noch ha: ‘Dit is myn lok!’
mar doe… syn lûd ferstomme.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Samuël deadet Agag’

admin

It keningsoffer

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan John Singleton*

Image

’t Is dien, de dagen binne teld
foar Saul, syn keningskip rint nei de ein,
mei grime is it him ferteld
troch Samuël, de kening is ferslein.

It barde yn de heechste need,
omdat syn eigen leger rap ferrûn,
de Filistyn hie dêrfan weet,
de kening wie oan ’t tiidsferrin dus bûn.

Sân dagen wachtsjen duorre lang
en noch wie Samuël net yn it kamp,
de Filistyn lei as in slang
te wachtsjen, Saul seach sa’n ferrin as ramp.

Ien útwei bleau foar ’t leger oer:
it keningsoffer lykas de profeet
it die, mar dan fan koarter doer,
de Iene reek, de kening út ‘e need.

’t Is dien, de dagen binne teld,
foar Saul is ’t keningskip yn reek opgien,
de Filistyn hat grinzen steld:
gjin smid yn ’t lân dy’t wapens smeit, net ien!

* John Singleton (1738-1815)
Skilderij ‘Saul troch Samuël teplak setten’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum