Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Stilsteande sinne

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Perin del Vaga*

De tiding giet it folk foarút:
gjin stêd hâldt harren tsjin,
de God fan Mozes fjochtet mei;
’t foarútsicht liket min
as Jozua ta striid beslút.

Dat Gibeon betinkt in list:
‘Wy komme fan hiel fier
en slute graach in eedferbûn,
ús reis is libbenswier,
sjoch nei ús klean en brea, sa is ’t.’

Fiif stêden yn in eedferbûn
beslute ta de striid
tsjin Gibeon, de leagenstêd,
dy’t foar de wierheid giet:
‘Us is it wurd fan bystân jûn.’

De striid giet oan en Jozua
ferslacht de fiif, syn wil
giet fierder, mar de dei is koart:
‘Do sinne, stean no stil!’
It giet op fijâns lêste ta.

Image

* Perin del Vaga (1501-1547)
Dekoraasje yn de Fatikaanske Loggia’s

admin

Ai út ‘e wei

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Image

Nei Jericho wie ’t noch net klear,
want Ai lei yn de wei,
gjin reden om der mar omhinne;
de Iene gunde ’t folk noch mear,
de hiele legermacht moast mei.

Yn Jozua gie ’t kriichsplan om:
wy klimme op nei Ai,
de haadmacht foar, de leage achter;
dan brekt de fijân út en komt
ús flechtsjend leger achternei.

De leage sloep yn neare nacht
teplak, doe waard it dei
en Jozua liet sjen it teken
foar flecht en oanfal: jou no acht,
de spear wiist elkenien de wei.

Doe briek de fijân út en gie
de haadmacht achternei,
sa waard it paad rom foar de leage:
de poarte troch, rap út ‘e rie,
de brân deryn, de ein fan Ai.

* Gustave Doré (1833-1883)
Skilderij ‘Ferneatiging fan Ai’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum