Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Stive earm

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Jean-Honoré Fragonard*

As kenings eangst de oerhân krijt
troch timpeloffers yn Jeruzalem,
hy bang is foar syn konkurrint,
dan klinkt troch ’t lân in falske stim:
de keallegod hat Israel befrijd.

Twa timpels waarden heger boud
as’t grutte bouwurk yn Jeruzalem,
de iene noard, de oare súd,
wer klonk troch ’t lân in falske stim:
de keallegod is foar it folk fertroud.

Image
detail

Doe kaam yn Bet-El de profeet,
fol grime spriek er oer it falske lûd
en dat it alter skuorre soe;
Jerobeäm, de kening, woe ’t
net oan en rôp fol grime: ‘Pak him beet!’

Image
detail

Syn earm bleau stiif, hy wiisde troch,
mar nimmen sloech noch op syn oarders acht,
hy frege help fan de profeet;
sa kriich er oer syn earm wer macht…
op Bet-Els hichte stie de timpel noch.

* Jean-Honoré Fragonard (1732-1806)
Skilderij ‘Jerobeäms offer oan de ôfgod’

< Foari
admin

Spjalting

Bibelbylden
PDF Print E-mail
Rechabeäm, de soan fan Salomo,
woe kening wurde oer hiel Israel,
hy tocht oan pake David en hie moed,
úteinlik wied er net yn tel.

Yn Sichem kaam er foar it folksberie,
dêr’t frege waard foar folle lichter lêst
as ûnder Salomo, in jok mei bloed,
’t waard tiid foar ridlikens en rêst.

De âlde riedslju joegen dat advys,
syn jonge maten fûnen ’t flauwe kul:
slaan mei in stikelswipe, want dyn pink
is grouwer as dyn heit syn mul.

De tredde dei wie der wer folksberie
en neffens rie die doe Rechabeäm
mei grouwe pink en stikelswipe flink,
fol grime stie it folk yn flam.

Tsien stammen rekken los fan Davids stam
en keazen as har foarst Jerobeäm,
allinnich Juda’s folk en Benjamin
ha trou west oan Rechabeäm.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum