Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Lichte koelte

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Emma Munneke*

Elia koe wer rinne
nei de berch, dy’t Hoareb hiet,
dêr’t hy nachts yn in hoale siet
mei stilte om him hinne.

Dêr hearde hy de Iene:
wat er op ‘e Hoareb moast;
doe hat er al syn soargen lost,
it kwea dat minsken diene.

Elia moast doe komme
út ‘e hoale foar it ljocht;
in teken dêr’t er lang nei socht,
hat him folslein ferstomme.

Image

Gjin minske hie fan stoarm ferlet,
dat yn de twirren wie God net.

De ierde skodde dat it die,
it beevjen lei net yn Gods rie.

De Hoareb waard yn flammen set,
mar yn it fjoer wie God ek net.

In lichte koelte striek foarby,
Gods wurden klonken op ‘e nij:

‘Elia, do moatst rinne
foar feroaring yn de wrâld,
sadat der komt in nij bewâld,
dan sil it rjocht wer winne.’

Skilderij ‘Elia by de Hoareb’   

admin

Wer op fuotten

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Daniele da Volterra*

It goadelibben bleau gelyk
oan wat it altyd west hie,
want Izébel stjoerde oan
troch in boade op Elia’s lyk,
dat Baäl siet noch op ‘e troan.

Elia’s libben stie doe faai,
hy moast dus wol bewege
nei de fiere wyldernis,
naam allinnich moedeleazens mei,
’t profeteboadskip rûn sa mis.

Gods boade joech him swijend del
mei lege siel en mage
oant in oare boade sei
dat syn hertslach wie by God yn tel,
nei ’t iten moast er wer op wei.

Elia iet it skonken brea
en dronk it wetter, dat him
moed joech en op fuotten brocht
troch de wyldernis nei ’t goadegea,
dêr’t hy Gods boadskip bringe mocht.

Image

* Daniele da Volterra (1509-1566)
Skilderij ‘De profeet Elia’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum