Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Fjoerprofeet Elia

Bibelbylden
PDF Print E-mail
Giovanni Piazetta*

Trije kear woe hy allinnich gean
lykas syn libben mei de Iene wie,
Elia, fjoerprofeet fan Israel
mei út ‘e hichte wurd en die,
foar foarst en folksstam te ferstean.

Mei har twaen gie it nei it wiet
lykas it folk teach nei de Reade See;
Elia en Eliza kamen del
yn de Jordaan, foar beide ree
om troch te gean, it âlde liet.

Ien kear wie der noch in koart petear:
‘Wat kin ik by de skieding oan dy jaan?’
‘Skink my in dûbel erfdiel fan jo geast.’
Dat diel wie dreech om oer te dwaan,
it kaam by ’t lêste sicht wol klear.

Himelfjoer is sûnder fêst getal,
Eliza seach de hynders en in wein,
hie yn de stoarm syn master foar de geast;
Elia’s mantel koe gjin ein
en hong wer om ’t profetestal.

Image

* Giovanni Piazetta (1683-1754)
Skilderij ‘De ûntfiering fan Elia’

 

admin

Achazja’s stjerbêd

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Otto van Moerdrecht*

Achazja, soan fan deade Achab,
waard kening yn syn plak,
hy libbe heech, ’t regear wie koart,
hy foel op strjitte mei in smak.

Gjin deade kening noch, ferwûne
seach hy it libben oan,
in ôfgod soe wol útkomst jaan,
by Gods profeet hie hy ’t bedoarn.

Elia harke nei de Iene,
mar net nei: ‘Kom no oer!’
As godsman wie syn antwurd koart:
‘De himel sprekt hjoed noch mei fjoer.’

Twa pelotons ha it net rêden,
it tredde rûn de wei
fan djip respekt foar de profeet,
sadat de Iene sei: ‘Gean mei!’

Elia kaam by kenings siikbêd
mei: ‘Jo regear is koart,
in ôfgod hat gjin libbenskleed,
jo eigen deadskleed eaget swart.’

Image

* Otto van Moerdrecht (stoarn yn 1438)
Tekening ‘Achazja op it siikbêd’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum