Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Achazja’s stjerbêd

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Otto van Moerdrecht*

Achazja, soan fan deade Achab,
waard kening yn syn plak,
hy libbe heech, ’t regear wie koart,
hy foel op strjitte mei in smak.

Gjin deade kening noch, ferwûne
seach hy it libben oan,
in ôfgod soe wol útkomst jaan,
by Gods profeet hie hy ’t bedoarn.

Elia harke nei de Iene,
mar net nei: ‘Kom no oer!’
As godsman wie syn antwurd koart:
‘De himel sprekt hjoed noch mei fjoer.’

Twa pelotons ha it net rêden,
it tredde rûn de wei
fan djip respekt foar de profeet,
sadat de Iene sei: ‘Gean mei!’

Elia kaam by kenings siikbêd
mei: ‘Jo regear is koart,
in ôfgod hat gjin libbenskleed,
jo eigen deadskleed eaget swart.’

Image

* Otto van Moerdrecht (stoarn yn 1438)
Tekening ‘Achazja op it siikbêd’

admin

Izébels delgong

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Guillaume Fillastre*

Nei Achab kaam in oare tiid,
it kweade moast foargoed derút,
wat frege om in wisse kening:
Jehû waard doe salve, resolút
begûn er oan de striid.

Izébel lykwols woe net oars
en sloech noch foar foarstinne op,
seach om har hinne gjin feroaring,
op ‘e dei doe’t klonk de delgong-rop,
hold sy heech kin en noas.

Sy ferve ’t each, stiek op it hier
en klom de hichte yn nei ’t rút,
beskuldige fan moard de kening,
dy’t har delgong seach as einbeslút,
de opmaak holp gjin sier.

De hynders trapen op har lyk,
dat troch de hûnen fretten waard,
ûnweardich foar in keninginne;
moarderij lei yn har eigen aard,
sy wie oan ’t kwea gelyk.

Image

* Guillame Fillastre (1348-1428)
Yllustraasje út ‘Histoire de l’Ordre
de la Toison d’Or’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum