september 14, 2024
fan ûnbekend*
Daniël
Ik, Daniël, lies yn de Skriften
dat Jeruzalem yn pún
derhinne lizze soe,
in tiid fan santich jierren,
in stee fan foks en njirre.
Yn sek en jiske foar it finster
stean ik tusken eigen pún
en dat fan ’t ôfdwaald folk:
‘O God, sjoch my no hjirre,
ik bid, al is ’t fan fierren.
Wy bleauwen net by jo geboaden,
wiene dêr in ein fanôf
en harken net nei jo
profeten dy’t lûd sprutsen
hoe’t wy jo wetten brutsen.
Dus brochten Jo ús yn djip lijen
yn de stêd, dêr fier fanôf,
jo folk yn ballingskip;
wol harkje nei ús klachten,
wy ha al salang wachte.’
* Yllustraasje ‘Daniël bidt’
september 11, 2024
fan Rembrandt*
Daniël
Ingel Gabriël,
boadskipper út ’e himel wei,
wie roppen om op ierde
út te lizzen wat de raam en bok
betsjutten foar de takomst.
Dêr lei Daniël
langút, kjel wurden troch de komst
fan Gabriël op ierde,
daliks holp hy Daniël oerein,
liet him de takomst witte:
‘De raam hie op ’e kop twa hoarnen,
hjir binne mei bedoeld
de keningen fan Medië en Perzië,
machtich wurde harren lannen.
De bok mei ien hoarn koe goed stjitte:
de foarst fan Grikelân
dy’t sterker wurdt as Medië en Perzië,
dochs moat hy it sitte litte.
Dan komme fjouwer keninkriken,
dêr’t ien fan machtich wurdt,
mei grou geweld ferrinnewearret hy de wrâld,
elkenien moat foar him wike.
Syn macht wurdt troch de himel brutsen,
dus net troch minskehân,
hâld, Daniël, dit fisioen mei soarch foar eagen,
hjirtroch hat de Heare sprutsen.’
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Gabriël leit it fisioen út’