juli 1, 2017
Dêr rinne wy dan wer tegearre
mei net mear as op ’e hinnereis,
teminsten fielend it gewicht;
sis Judas, ’k bin benijd watst seist
oer it ferrin, ik wol dyn miening hearre.
Ik wol no daliks net jûchheie,
mar it foel my, earlik sein, net ôf,
ien doar mar bleau foar ’t boadskip ticht
en fierder soarge mem de frou
foar ’t miel, ik mocht de reis mei dy wol lije.
Dyn útspraak seit noch net safolle
oer de útkomst, wêr’t it eins om giet:
Gods Keninkryk komt yn it sicht
mei ’t wurd en boppe-al de died,
de ynspiraasje út ús hert en holle.
Jehannes, wat in grutte wurden
foar de jongste, mar ik jou wol ta
dat wy foldiene oan de plicht
dat minsken wat mear útsicht ha,
guon siken binne sels wer better wurden.
juni 28, 2017
fan ûnbekend*
Dêr rinne wy tegearre dan,
op wei, mar wêr giet it hjoed hinne?
Op ’en paad stjoerd sûnder wat,
sis Judas, wat seisto derfan,
hoe soe it fierder rinne kinne?
Jehannes, freegje my dat net,
op ’t lêst ha wy in lege mage…
hie in folle ponge ús
net op it paad fan kennis set?
Hjir rinne wy mei al ús fragen.
Dyn antwurd is my wat te koart,
wy ha de krêft en macht meikrigen,
kinne sels de duvels oan,
genêze is dochs ek hiel wat…
dêr hoege wy net om te ligen.
Freon Tomas sei: ‘Earst mar ris sjen.’
It moat wat foar ússels opsmite,
oars begjin ik der net oan,
ik sis dus: ’t moat sa as it kin,
wy moatte earst in hapke ite.
* Yllustraasje ‘It útstjoeren fan de tolve’