Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Lilke Fariseeër

Bibelbylden

fan ûnbekend*

It wie foar ús it djiptepunt
hoe’t hy ús dellein hat,
al wie ’t yn in gelikenis,
gjin status is ús gund,
wy hiene ’t wer ris mis.

Wy soene yn it tankgebed
ússels de eare jaan,
oars as in garder fan de tol,
ien sûnder weet fan wet
en deugd, sa is it wol!

Mar net yn dy gelikenis:
hy sloech him op it boarst
as hie hy fan syn sûnden spyt,
wat wrachtich net sa is…
’t ferhaaltsje wie swart-wyt.

Wy soene ús ferhege ha,
dêrom lei hy ús del,
’k bedoel dy fint út Nazaret,
wy moatte derop ta
dat hy… hawar, sa net!

* Ikoan ‘De Fariseeër en de tolgarder’

admin

Neiskamte fan Mattéus

Bibelbylden

fan Caravaggio*



It kaam my daliks wer yn ’t sin
doe’t Jezus ’t oer in rjochter hie
dy’t like ryk wie as iksels
doe’t ik de tol noch garre,
ús oansjen wie ek like min.

De rjochter joech om mins noch God,
alhiel net om in widdofrou,
mar om’t se hieltyd by him kaam,
wat hy beseach as narjen,
ferdjippe hy him yn har lot.

Ik skamje my noch om myn dwaan,
ha nea gehoar oan widdo’s jûn,
mar Jezus tsjutte net op my:
‘God sil de wurden garje
fan jim en daliks ’t goede jaan.’

* Caravaggio (1571-1610)
Skilderij ‘De ropping fan Mattéus’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum