Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Filippus nei it bruorrefolk

Bibelbylden

fan ûnbekend*

It is my troch de siele snien
hoe’t Stefanus de dea ynjage waard,
omdat er tsjûge fan de Hear;
wy moasten flechtsje foar ús libben,
want Saulus boaze oan de haat
tsjin ús, hy sparre yn de stêd gjinien.

Wy giene nei Samária,
it tsjûgjen fan de Hear kaam op my del,
in risiko, mar ek in ear;
ik wist my oan dat folk besibbe,
wy libben út deselde wel
en moasten mei elkoar op Jezus ta.

Sa gie ik troch dat gea op wei,
fûn oeral harkers mei in iepen ear,
koe wûnders dwaan as wie de Hear
derby, dy’t hiele ’t brutsen libben;
de haat fan Saulus die net sear
mear, mar ús libben stie noch altyd faai.

* Glês-yn-lead ‘Filippus’

admin

Oppasser Saulus

Bibelbylden

fan Rembrandt*

In stien ha ik net smiten,
spriek ek net it oardiel út,
hoewol’t de hân my jûke,
op myn lippen lei ’t beslút:
de deastraf foar dy Jezus-fint,
syn wurden kinne wy net brûke.

Ik hear noch syn ferwiten
oan de lieders fan it folk,
hy neamde har stiifkoppen,
wie fan Jezus sa de tolk.
‘Ferrieders, moardners!’ sloech er út,
syn wurden kamen oer as skoppen.

Wa’t skopt, kin slaan ferwachtsje,
stiennen smite, slach op slach;
de mantels dy’t dêr leine,
ha ’k op passe, tige wach;
wylst seach ik nei dy Jezus-fint,
syn lêste wurden koe ’k opheine:

‘Hear, wol ferjaan har sûnde!’
’t Hie net folle raarder kind.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De stienniging fan Stefanus’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum