augustus 14, 2019
fan Paulus*
Tink net dat ik der bin
of ’t heil al grepen ha,
mar ’t stiet my wol foar eagen,
’k sil der dravende op ta.
In wedstriid is ’t foar my,
ik rin sa hurd as ’k kin
om ’t heil as priis te winnen,
dêrtroch krijt it libben sin.
Lit ús deselde kant
op rinne, dat de streek
foar elkenien te heljen
is, ek foar de flugge leek.
De himel is it doel,
it plak dêr’t Kristus wei-
komt as ferlosser, sûnder
Him stean alle libbens faai.
* Part fan de brief oan de Filippiërs
(út haadstik 3 en 4)
augustus 10, 2019
fan ûnbekend*
Net dat ik eigenwiis bin
of mei ’t uterlik wat ha,
dochs wol ik oer mysels fertelle,
om’t ik mei ferlies en winst rin.
Besnien bin ’k nei in wike,
want dat teken moat men ha
as Joad om folop mei te tellen,
’t is foar earmen en foar riken.
Ik hold my oan de wetten,
Joaden moatte ’t dêrfan ha:
de wierheid sprekke en net stelle,
op twa stiennen is dat setten.
Ik mei de wet ferlieze,
want troch Kristus ha ik wûn;
dit wol ik elkenien fertelle:
’k sil troch Kristus ek ferrize.
* Byld ‘Paulus’
yn de Petrus Banden Tsjerke te Venray