augustus 21, 2019
fan ûnbekend*
Kolossers, lit my dit ek skriuwe:
hoewol’t jim my net kenne fan gesicht,
myn geast is wol yn jim fermidden,
dat dy wit fan leauwe as in plicht.
De plicht skriuwt foar: hâld jim oan wetten,
want wat de wet seit, moat de minske dwaan,
men is dan bûn oan tûzen triedden,
hat gjin frije hannen om te jaan.
Guon skreauwen foar: ferearje ingels,
want wat in ingel docht, is tusken God
en minsken yn te stean en bidde
foar it heil, dat ivich wurdt ús lot.
Mar ik skriuw foar: ferearje Kristus,
want mei syn bannen hâldt Hy by elkoar
wat los wie, oars as tûzen triedden…
’k hâld as learaar jim dy wiisheid foar.
* Ikoan ‘Paulus’
augustus 17, 2019
fan Paulus*
Bêste minsken fan Kolosse,
Epafras hat jim it boadskip brocht
fan Jezus Kristus foar syn folk,
syn leafde ha jim praktisearre,
foar de hiele wrâld it ljocht.
Kristus sil de wrâld ferlosse,
as earstberne leit dy yn syn hân,
Hy kaam fóár alles, is de tolk
fan ’t folk dêr’t Hy oan ’t krús foar stjerre
woe, sa kaam it heil ta stân.
No mei ik foar jimme lije
yn de finzenis, dêr bin ik bliid
om as ferkundiger fan ’t heil,
dat earst foar elkenien ferburgen
wie, yn ús klinkt troch dat liet.
* Brief oan de Kolossers (haadstik 1)