september 11, 2019
fan Paulus*
fan Eddy Brunelli**
Lit my jim yn de kunde bringe
mei it lûd fan de trompet
as Kristus delkomt op ’e wolken,
dan is it foar wa’t sliept te let,
dy tiid sprekt fan de lêste dingen.
Wa’t yn de ierde rêst mei sjonge,
giet de libbenen dan foar
nei Kristus, Hear fan alle folken,
sy sjonge yn it grutte koar,
jûchheiend wurde wy ûntfongen.
Lit ús op ierde wekker bliuwe,
want gjinien wit fan de dei
dat Kristus delkomt op ’e wolken,;
wa’t sliept, wit fan gjin tiid en wei,
hy lit him op syn dreamen driuwe.
Doch oan it pânser fan it leauwe
en de leafde, earst dy twa,
set dêrnei op de helm fan hope,
sa kinne wy nei Kristus ta,
dy’t op ’e wolken stiet te weauwen.
* Part fan de earste brief oan de Tessalonikers
(haadstik 5)
** Yllustraasje ‘Jezus op ’e wolken’
september 7, 2019
fan Jan Lievens*
Wy geane fierder, bêste bruorren,
mei te sizzen wat is goed en kwea,
jim ha jim bêst dien, mar ’t kin better,
tink oan de geast, net oan de lea.
Wês net yn tinzen by de huorren,
gean al hielendal net nei sa’n frou,
hertstochtlik bist dan op ’e kletter,
bliuw oan dyn frou yn leafde trou.
Wa’t ûnrein libbet, hat gjin libben
sa’t wy earder oan jim trochjûn ha,
ferachtet net de reine minske,
mar God, hy is der slim oan ta.
Jim ha nei bruorreleafde stribbe,
doch it trouwer noch, dan komt it goed,
jim wurde troch gjinien ferwinske
om jim fatsoen… foar elk in groet.
* Jan Lievens (1607-1674)
Skilderij ‘Paulus skriuwt oan de Tessalonikers’