Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Brief oan de Korintiërs 1

Bibelbylden

fan Paulus*

Korintiërs, jim stêd spriek my wol oan:
de haven mei de skippen oeral wei,
de timpels en de synagoge,
elk fereare dêr mei hiel syn siel,
mar soe it allegear wol doge?

Ik groetsje jim en tankje God aloan,
jim binne ryk, want Kristus is de wei,
sa’t jimme troch de Geast wol witte;
troch myn tsjûgenis krijt elk syn diel…
mar ienheid mei gjinien ferjitte.

Dus bruorren, stean ik der by jim op oan
ienriedich op ’en paad te gean, gjin wei
fan skieding, sadat mear partijen
ûnder jim ferdiele it gehiel,
want skieding bringt oars net as lijen.

Ik woe mar sizze, wiis gjin minske oan,
ek Kristus net, dêr’t jim in skoftke wei
fan binne, want dan komt der skieding,
ûnderdielen taaste oan de siel
fan Kristus’ wurd, ús iennichst lieding.

* Earste brief fan Paulus oan de Korintiërs’

 

admin

Brief oan de Romeinen 5

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Jim binne bruorren fan elkoar
yn ’t leauwe oan de iene Hear,
dus jou Him alle eare,
mar gjin broer is oan de oar gelyk,
jim hoege net oer oaren gear.

De iene yt wat er mar wol,
de oare griente en net mear,
se dogge ’t Him ta eare,
tink net by dysels: ik ha gelyk,
dus bin ik better foar de Hear.

Wês foar dyn broer gjin stroffelstien
troch watsto ytst, want dan dochst kwea,
doch goed, dan stiest yn eare
by de minsken; inerlik bist ryk
as leauwe is dyn deistich brea.

Brief fan in Joadsk-Romeinske frou oan Paulus

Bêste Paulus, hoe ha wy it no!
Do hast it hieltyd oer myn broer,
bin ik dan net yn eare?
Ik as frou bin inerlik ek ryk,
dyn manlik skriuwen slaan ik oer.

Yllustraasje ‘Joadske frou’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum