februari 5, 2020
fan ûnbekend*
Wol net harkje nei de spotter,
dy’t ropt dat alles by it âlde bliuwt,
gjin sprake fan in nije skepping
mei de werkomst fan de Hear,
der is dus neat wat minsken driuwt.
Troch it wurd fan God is skepen
de himel en de ierde, mar neat bliuwt:
de ierde is fergien troch wetter,
sil ferbrâne troch it fjoer,
it is de eintiid dy’t ús driuwt.
As in dief sil dy dei komme,
dan sil de himel bolderjend fergean
en útinoar falt hiel de ierde
mei de werkomst fan de Hear,
stean klear en lit jim ’t net ûntgean.
Wês geduldich lykas Kristus,
want tûzen jier by ús is mar ien dei
by Him, Hy komt wol syn belofte
nei, al is it op ’en doer,
wat nij wurdt, is de ein fan wei.
* Yllustraasje ‘Eintiid’
februari 3, 2020
fan Rembrandt*
Jim binne fan de nije wrâld
mei’t jim it nijs fan Kristus kenne,
mar der is in oar ferhaal
dat falske learaars graach fertelle,
dy tradysje is al âld.
’t Ferhaal komt út ’e âlde wrâld:
it kwea fan Sodom en Gomorra,
like kwea as doe mei Noäch,
hy koe de minsken mear fertelle,
mar it liet it minskdom kâld.
De wrâld is hjoed noch fol mei kwea:
op ljochtskyndei mei braspartijen,
’t folk jout ek syn lusten bod,
de sûnden binne net te tellen,
’t fiert úteinlik nei de dea.
Nim Bileäm dy’t ûnrjocht die,
hy soe it folk fan God ferflokke,
mar syn ezel hold him tsjin,
dat stomme bist, net foar te stellen,
joech syn baas de rjochte rie.
Dus wês gjin slaaf fan it ferdjer,
mar baas om ’t goede te fertellen.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Bileäm’