juli 5, 2024
fan ûnbekend*
Daniël
Wa kin in dream nei boppen bringe
fan in foarst dy’t hjiroer swijt,
yn Babel steane heale wizen
yn de troanseal, nei de dream benijd.
Nebûkadnessar liet lilk witte:
‘Wa’t de dream wit, is earst wiis,
de dream sil nei de útlis wize,
wa’t fertelt de helte, krijt gjin priis.
De heale wizen lieten witte
dat gjinien koe sûnder dream
de útlis oan de foarst fertelle…
wa’t fan wetter wist, joech oan de stream.
De kening wie mar min te sprekken
dat de dream net boppe kaam,
de heale wizen koene telle
harren dagen foar’t hy ’t libben naam.
Wa kin de dream nei boppen bringe
mei de wiisheid yn it hert
dat iepenstiet foar wat fan boppen
komt, in oare wize is der net.
* Yllustraasje ‘De dream fan Nebûkadnessar’
juli 3, 2024
fan ûnbekend*
Daniël
De namme Daniël seit al:
myn rjochter is de Heare;
mei syn trije freonen
hold hy ’t joadske libben fol.
Sy wegeren it rike miel
en ieten inkeld griente,
dronken wetter, namen
net oan Babelsk oerfloed diel.
De fraach wie: bleauwen sy wol sûn
of kamen sy de kening
ûnder eagen lykas
lijers oan it kweade bûn?
De kening wie de rjochter net,
koe harren dus net keare:
geast en lichem wûnen,
hawwe ’t mei Gods stipe ret.
* Yllustraasje ‘Wegering fan Babelsk miel’