Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Each om each

Keunst
PDF Print E-mail
fan Nikolai Roerich*

Image

Ilja Moeromets, do grutte held,
dy’t Smolensk fan de fijân rêde,
hast dy mei dyn eare sêde,
wêrom woest nei Kiev mei geweld?

Op myn skimmel ryd ik troch it lân,
mei pylk en bôge sil ‘k it rêde,
Kiev is ien fan de stêden
foar in feest nei striid mei rôversstân.

Rôver Nachtegaal, do wrede smjunt,
sitst yn dyn hege hut te wachtsjen,
makkest fan geweld gjin punt,
witst dat se dyn bedroch ferachtsje?

Fluitsjend lokje ik de reizger oan
dy’t troch myn gea syn spoaren makket,
as in geal sjong ik op toan
oant Ilja troch de knibbels sakket.

Dôf wie Ilja Moeromets syn ear
foar ’t fluitsjen, mar syn eagen sochten
rôver Nachtegaal en rjochten…
foar de geale wie ’t de lêste kear.

Blyn en wjuklam waard de geale brocht
nei Kiev om elk te fermeitsjen
fan it tsjuster nei it ljocht,
dat Ilja Moeromets koe laitsje.

Image

* Nikolai Roerich (1874-1947)
wie in skilder-yllustrator
fan Russyske mearkes.

admin

Skilder Lukas

Keunst
PDF Print E-mail
Image

fan Maerten van Heemskerck*

Wa hat witten, Lukas, datsto skilder wiest,
do bist foar ús evangelist,
dy’t skreau oer hoeders, ingels en it bern
datst yn in krêbe sliepe lietst,
mar wy ha dy as skepper mist
fan ’t byld dat elkenien wol ken.

Lukas, suggerearrest datst Marije en it bern
besteld hast yn dyn atelier?
Do makkest ús net wiis, it wie in geunst
dat sy yn kleuren kamen en
do joechst fergees har byld, wolnee,
der wie gjin joadske skilderkeunst.

Skilder Maerten hie de bakker as model
dy’t syn pinseel op ’t berntsje lei,
dêr’t mem en buorfrou ris mei pronkje woe,
want op paniel wiest wol yn tel;
foar ynspiraasje kaam noch mei
har man dy’t Joazef wêze koe.

Image

* Maerten van Heemskerck (1498-1574)
makke yn 1531 ‘Sint Lukas de Madonna
mei Bern skilderjend’ foar it alter
yn de Sint Bavo te Haarlem.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum