Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Dea op ‘e rûte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy hie de rûte al ferkend,
syn tocht fan alve plakken,
wie net oan it libben wend
fan snie en stean by wekken.

It fangen waard wat minder fûl,
hy kriich se net te pakken,
miste op ‘en doer syn doel,
fernaam de honger stekken.

Doe fleach er stadich nei de stêd,
stie stil mei stive nekke,
miuwen wiene wol sa rêd,
hy hearde by de swakken.

Fergees hat er noch hichte socht,
mar is nei ’t iis ta sakke,
op ‘e rûte fan de tocht
is er yn ’t wetter rekke.

Image

admin

Winterwalen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image
Akseli Gallen-Kallela

It hege Finlân mei ferhalen
fan it tsjuster, bosk, de snie
wol harkje nei de inkeling
as streekje streekjend lykas hie
hy om de winterwale.

Image

Doe’t juster Fryslân falsk ferhelle
fan in strieljend wite dei,
foarsei de treurwylch, inkeld dy,
dat hjoed de ein ferwisket wei
yn walen net te tellen.

Image

Beharkje dêrom hjoed ferhalen
fan de jierren lang ferlyn
dat elkenien as inkeling
befocht de snijend hurde wyn
yn net te tellen walen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum