Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

De lêste dagen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Juster rûn ik by de Snitser wetters lâns
dy’t heger stiene as de lêste dagen
nei de stoarm mei bakken rein,
ik tocht oan Kopenhagen,
miskien lei dêr in kâns.

Image

Stadich foer in giele boat de dize yn,
wylst miuwen boppe ’t skiere wetter kriesden
dat it rap rûn nei de ein
en neat op leger wiisde.

Image

Stobbewylgen stiene stiif by hurde wyn
en ien dêrfan hie ’t boadskip dêr’t ‘k fan griisde:
mei The Netherlands wie ’t sein,
berjocht út Kopenhagen.

Image

Dreamend echt, wat wâlet werklik, wat is skyn?
Ik rin by ’t wetter lâns de lêste dagen.

admin

Ferstoarn

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It kaam yn de berjochten foar,
mar ’t wie hast net te leauwen,
fan de deade noch gjin spoar.Der lei noch snie, de grûn wie hurd,
ik hearde fûgels skreauwen;
koe men oan op boades wurd?

Image

Doe ware dize oer it gea,
ik seach de reade râne,
’t krús fertelde fan de dea.

Nijsgjirrich wie ‘k, dus rûn ik troch,
fernaam de sêfte sône,
draaide nei de berm en sjoch:

It tichte grêf fan smoarge snie,
it teide tsjokke triennen,
ik wist doe wa’t begroeven wie.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum