Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Pinksterfeest

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
’t Wie Pinkster, dat ik rûn de fjilden yn
op syk nei wat my hillich like
yn de trant fan lea en geast;
dy ienheid woe net fan my wike,
‘k seach ynienen wyt it meast,
der stie lykwols net folle wyn.

Image

Doe gie ik nei it Frysk Jeruzalem,
dêr’t wyn de krêft is fan it brûzjen
oer de mar, it heil fan Snits;
ynienen hearde ik in sûzjen,
seach har sweven yn in flits,
de geast fan wyn, noch sûnder stim.

Image

En fierder rûn myn paad fan op ‘e syk
nei lea en geast, net skieden bliuwe,
mar in ienheid wurde op it feest;
ik fûn ’t ynienen by de liuwen,
ynspiraasje fan it beest,
oranje âljend oer de dyk.

Image

admin

Spoartiden

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It âlde spoar bliuwt grif bestean,
ferbynt al jierrenlang it folk
oer parallelle izers,
earst klonk ’t blazen mei in wolk
fan stoom en reek oer ’t griene gea.

De swarte stoar in wisse dea
nei ’t blazen fan de lêste stjit
yn ’t draaien fan de wizers
om’t de tiid fan ’t nije wit,
fan blauwe ingel oant wyt-read.

Wêr’t nij komt, wie in smelle sleat
dy’t damme waard mei frachten sân,
it bêd foar parallellen,
flitsend sil it folk troch ’t lân,
de tiid bliuwt net by deaden stean.

’t Is mar in stap en sprong te gean
nei ’t bêd fan ’t swarte deaderyk
fan parallelle sellen,
mei de tiid wurdt romme ’t lyk,
gjin spoar bliuwt fan dat folk bestean.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum