Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Swarte skiep

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De greide hat de romte wol
foar beide, wyt en swart,
it leit him oan de kleuren wol,
sa as wol faker bart.

De swarte rint, sels al as bern,
de kant út fan apart,
’t is oan syn eachopslach te sjen
dat hy dit faker hat.

De lytse en de grutte broer,
se ha wol fan elkoar,
want beide binne swart, dus oer,
dêr binne witen foar.

De lytse lit him noch wol sjen:
hjir bin ‘k, dus fleurich op,
net alle hope is ferlern,
ik krij in wite kop.

Image

admin

Farferskil

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Djip fart it stiel troch it kanaal
mei tal fan frachten tusken kop en kont,
de skippen sprekke
swiere taal.

Image

Licht glydt it hout oer mar en poel
mei inkeld ien dy’t oandriuwt op en del,
de kano’s hawwe
nocht as doel.

It wetter draacht wat fleane kin,
al is it dan gjin strânljip, skries of swel,
de guozzen hawwe
’t wiet as fan.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum