Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Us boechbyld

Polityk
PDF Print E-mail
Foar Doutzen Kroes, it gesicht fan Fryslân

Doutzen, boechbyld fan it Fryske cruiseskip,
brûst de oseanen oer
mei ’t frisse aureoal fan seelucht
sylt sy op ‘e dacron toer
fan ’t wapperjend ‘Victoria ’s Secret’,
weagjend foar de lange doer.

Image

Doutzen, show de wrâld de Fryske sjarme
fan ús hiel gewoane jol
dy’t sylt fan Akkrum nei Terherne
mei in wynkrêft fiif foar fol
en as de boer dan ek noch jarret,
spylje dan dyn Fryske rol.

admin

Ljeppe yn de Jangtsekiang

Polityk
PDF Print E-mail
Lit ús ljeppe oer de Fryske fearten,
Tsjonger en Prinses Margrietkanaal,
oer Houkesleat en ek de Snitser mar,
de hichte yn nei fiere swetten,
Hegebeintum op fergrutte skaal
en as ’t mislearret, swimme wy oer ’t far.

Jim Sinezen kin gjin mins omhinne,
want de ienmiljardsprong is wrâldfier
en Jangtsekiang streamt seistûzen lang.
Olympus’ goud is om te winnen,
jimme stribjen is net foar de sier
en slagget it, jim sitte earste rang.

Mar Sinezen dy’t net swijend blinke
kinne, springe by jim minder fier
en glide op ‘e flecht nei frijheid yn
de Jangtsekiang en ferdrinke
yn jim glimk fan gjin ferlutsen spier,
want wit, Olympus’ hichte makket blyn.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum