Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Skok fan Schokker

Polityk
PDF Print E-mail
Image

Spitich dat it sa mislearre
om’t ús Schokker skokte mei in stunt,
want oars wie Fryslân opwurdearre
ta it peil dat elk ús lantsje gunt:
geheime tsjinst, dêr moatte wy op ta,
sjoch Ruslân en Amearika!

Grutte Broer of Grutte Suster,
each en ear is net oan sekse bûn,
se binne hjoed grif net fan juster,
witte fan de sturt en fan de hûn,
mar eigen sifers mocht gjin minske ha,
sjoch Ruslân en Amearika!

Tinne muorren hawwe earen,
fûn it each fan Grutte Suster út,
de fraach wie hoe ’t gehoar te kearen,
resolút naam sy in waaks beslút:
net ien op wacht foar it berie, mar twa,
sjoch Ruslân en Amearika!

De skok fan Schokker wie in flater,
spitich dat it sa mislearre is,
want no sit Fryslân mei in kater:
gjin geheime tsjinst sa goed as wis,
wol dikke muorren sil it nije ha
fan Ruslân oant Amearika!

Image

admin

Fryslâns goaderie

Polityk
PDF Print E-mail
Soemerië hie tolve goaden,
âld en jong yn de famyljerie
dy’t yn de mande ’t Al bestjoerde,
soan dy’t foar de heit net ûnderdie
en dochter dy’t har ek wol roerde.

Image

Se skreauwen yn de klaai har nammen,
spikertekens rjocht en sûnder sier:
god Anoe, Enki, Oetoe, Enlil
tilden oan har taal en oarsprong swier,
hoewol ferskil, se wiene ien fan wil.

Image

Dy wil hat Fryslân aneksearre:
jong en âld yn de provinsjerie,
de sparringpartner en de buddy
meitsje fan it goadewurd in die,
mar taal ferwurdt al gau ta smurry.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum