Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Krasse en koere

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy waait mei alle winen mei,
de swarte flerken breedút spraat
en hâldt fan fûle twirren,
libbet as opportunist,
fynt altyd wol in oare maat
dy’t mei him krast: ‘Dit is ’t,
wy bliuwe hjirre!’

De fleugel is syn bêste freon,
dy’t him de krekte wynstreek wiist,
wylst is hy op in hichte
dêr’t gjinien him rikke kin
en hy om ’t lege folkje gniist,
syn macht útkrast: ‘Ik bin
dy’t wiist op plichten!’

Sy hearre rop en razen oan
en dûke efkes yn elkoar,
mar skodzje op de fearren,
hawwe ommers neat noch mist:
de iene is der foar de oar;
sy koere lûd: ‘Dit is ’t,
foargoed tegearre!’

Image

admin

Tsjinbylden

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy stiet noch altyd rjocht oerein,
syn krún fier boppe dakken út,
gjin twirre hat syn stam ferslein,
in pronkje foar it einbeslút.

En binne alle tûken keal,
dan is er swiere stoarmen treast,
hoewol’t de kleur ferwurdt ta feal,
foar him komt it oerlibjen earst.

Syn stobbe hat gjin takomst mear,
ferslein waard hy, noch net stokâld,
it spegelbyld is wreed, docht sear,
it struit syn wûnen fol mei sâlt.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum