Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Folle net genôch

Keunst

fan Francisco de Goya*

Keale hollen, grutte bekken,
folle net genôch,
twa lege boarden
ûnder leppels dy’t healfol
nei iepen mûlen gean,
dy’t fiis opbrekke.

Twa dy’t folle mear ha wolle,
bargen dy’t de trôch
folslein leechmeitsje,
wylst de tredde laitsje moat
om hoe’t de mûlen stean
fan âlde bollen.

Grutte bekken dy’t lûd roppe,
folle net genôch,
om noch mear fretten,
want de mage is healfol
en raast om troch te gean
oant yn de kroppen.

* Francisco de Goya (1746-1828)
Yllustraasje ‘Skrokkich’
Print 13 út ’e searje ‘Los Caprichos’




Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum