Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Losse skroeven

Polityk

fan ûnbekend*

Wrâldwiid spilet hy foar draaier,
draait de skroeven dollar-fêst
fan syn Tesla’s en raketten,
draait fan dit nei dat, fan hjir nei dêr,
bekroadet him net oan de wetten.

Wrâldwiid draait er los it libben
fan de lijers oan in kwaal,
want de dollar hat besletten:
USAID giet net fan hjir nei dêr,
sa stelt it kapitaal de wetten.

Yn it Wite Hûs draait hy ek
oan de skroeven fan it brein:
losser… of just fêster sette?
Gysten draait er, mar hat gjin hâldfêst
oan wiere en morele wetten.

Beide hawwe sike breinen,
want der sitte skroeven los
dy’t net fêst te draaien binne,
helpe lit de USA him net,
mar lit gjin psychopaat los rinne.

* Yllustraasje ‘Losse skroeven’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum