fan Jan Brueghel en Peter Paul Rubens*
It is mar hoe’t men it besjocht,
gjin minske-each is krekt gelyk
en op itselde rjochte,
’t iene sjocht it inkeld ljocht
en ’t oare yn it tsjuster bryk.
Mar skilders litte alles sjen,
teminsten twa dy’t derfoar gean
as duo yn profesje:
Rubens dy’t de minske ken,
foar Brueghel leit gjin lânskip skean.
Sjedêr it lânskip fan it atelier
mei útsicht op noch folle mear
troch mannich striel ferljochte;
beide skilders binne ree,
sy wurken foar de fisy gear.
* Jan Brueghel (1568-1625)
en Peter Paul Rubens (1577-1640)
hawwe yn oparbeidzjen
‘Allegory fan it sicht’ skildere.
Brueghel makke de lânskippen
en it atelier, Rubens stie noed
foar de persoanen.
|