Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rjocht foar Aldegea

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Dit wie it hûs fan rjocht en krom
foar ’t hiele gea,
mar kom dêr hjoed ris om
yn Aldegea.

Yn ’t rjochthûs spriek de grytman út,
út namme fan Justitia,
it oardiel oer wa’t mei de bút
syn foardiel socht as wie ’t foar twa.

Mar neat bleau yn ’t gebiet gelyk,
want Aldegea
koe net yn it ferlyk
mei ’t nije gea.

Noch ien kear spriek de grytman rjocht
oer wat beskôge waard as krom:
dat frou Justitia it socht
yn skaalfergrutting, streekrjocht stom.

Wa koe tsjin Gryt en Justus op?
Net Aldegea,
’t bleau sitten mei de strop,
it rjocht wie dea.

Hjoed kin it doarp syn gong wol gean,
want frou Justitia is blyn,
it kriget syn fertsjinne lean
en bloeit, it komt der ryklik yn.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum