Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dûbele skôging

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie myn rinnen mear as wurdich,
want ik skôge dûbelop,
earst moarns en letter yn de jûn,
it fierde geometrysk nei de top.

Moarns kaam ik by de fûgelhutte,
dêr’t de sjongers fan it koar
my wolkom hjitten, dat ik fûn
’t natuerlik lykwicht mei in iepen doar.

En doe’t ik nei de himel skôge,
kaam de trijehoek derby,
de streken oan de minsken bûn,
foar my op dizze boppewize nij.

Doe kaam de jûn, de muoite wurdich,
mei ’t natuerlik ûndergean
fan kleuren om de trijehoek,
ik rûn net fierder, mar bleau skôgjend stean.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum