Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Frije merk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wat krisis! Dan hâld ik de kop derfoar,
bin by de berte breed bemetten
en bats deryn op weagen fan de merk
dy’t frij is om him op te setten,
hjoed de dei op kosten fan in oar.

Fan tsa, tsa, tsa,
Cofelica,
sa moatte wy it ha!

Wat laden! Dêr ha ik gjin boadskip oan,
myn langte kin er net belykje,
ik bats deryn, want batse makket sterk,
en sil my mei de fracht ferrykje,
hjoed de dei al, moarn en oaremoarn.

Fan Janna nei
Cofelica,
dat is de frije wei!

Wat sleeptou! Ik set no de spurt deryn,
want wa’t it swier hat, sil ’t belije,
ik bats de mar oer nei de frije merk
om alderearst de fracht te krijen,
hjoed al giet it legen foar de wyn.

Fan tralala,
Cofelica,
dêr moatte wy op ta!Image

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum