Sa, dat sit derop,
hy hat syn berntsjes fuorre,
ien want út, oars kin it net,
se fleagen oan op kleur en rop
fan goaten, dakken, tuorren,
klappend, dat gjinien wie let.
Giel, dat is syn kleur,
as hobby hat er fleanen,
wol ek sels graach ris omheech,
ekspertfakânsjes bringe fleur;
syn berntsjes komme, geane,
’t libben is dan justjes leech.
Dan in mem en bern
dy’t op it grûnflak bliuwe,
by elkoar, oars giet it net;
hy wol him efkes hifkjend sjen:
syn foer sil ’t bern net priuwe,
mar fan ‘menswear’ is ferlet.
|