Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Paradysomslach

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Bruegel* en Peter Paul Rubens**

Image

Tegearre hawwe se oerlein,
de skilders fan ’t barokke paradys,
elk koe him dêryn fine:
Bruegel is troch ’t hôf fan Eden tein
en Rubens makke minsken eigenwiis.

It tilde op fan dieren doe’t
flewielen skilder sa syn rûntsje rûn,
noch sûnder kwea en pine,
alle bisten joegen libben lûd,
fibraasje út ‘e loft oant op ‘e grûn.

’t Yntime wie der efkes ôf
doe’t Rubens stjitte op ’t ultime stuit
fan troch de slang ferbline
minsken mei’t de man naam fan de frou
de frucht dy’t mei de eigen wiisheid struit.

Doe gie de glâns fan it flewiel,
de beide hûnen blaften nei de ein,
de ko koe wol ferdwine,
want de rôvers brieken mei ’t gehiel
en dêrmei wie it hôf út lykwicht slein.

* Jan Bruegel (1568-1625)
waard om syn kleurgebrûk
de flewielen Bruegel neamd.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
krige as earetitel prins ûnder
de skilders.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum