fan Albert Eckhout*
Brazilië, ’t wie ús koloanje
mei as gûverneur en kommandant
in Johan Maurits dy’t fan keunstners
waard in fêste klant.
Brazilië, dat lân syn troanje
waard yn mannich bylden kleurich heind,
in Albert Eckhout hat as skilder
nea ’t fertrouwen skeind.
Hy seach in striid as yn ’t ferline
mei twa ridders ûnder ’t swiere skyld,
de tosken wiene harren lânsen,
’t kaam sa skerp yn byld.
Us Fryslân sil net oars ferskine
as mei dryste ridders mar dan bleat,
se hawwe sa deselde kânsen
of is ’t byld ferkeard?
* Albert Eckhout (sirka 1610-1666),
yn Grins berne, gie yn 1636 mei
Johan Maurits (troch de Westyndyske
Kompanjy beneamd as gûverneur)
nei Brazilië om foar him lânskippen
en de natuer fêst te lizzen.
|