Se binne har as bern,
de bûnte en de swarte
ha de dei troch boarte,
lokkich sa te sjen.
Ik seach him yn it lân,
hy swalke dêr allinne
troch de dagen hinne,
lokkich sûnder bân.
Sa swalke ik de wei
bylâns en seach de trije
liken nei it lijen
op ‘e dieredei.
|