Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Noachs arke

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It jeien hat de wrâld ferbline
foar wat nei de lichte koerst
mei ’t rizen fan de arrogânsje
dy’t troch macht en dollars rûst
as twirren dy’t gjin rjochting fine.

Mar wêr’t de wyn it wetter swypket
rjochting memme earm om ’t lân,
is foar it berntsje gjin garânsje
dat it bliuwt oan heite hân,
as ’t folk net foar de takomst diket.

De Grienedyk sil ús fernije
wat de koers ek wêze kin:
foar ’t rizend wetter de ynstânsje
om te driuwen: bist en bern
sil Noach yn syn arke krije.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum