Wat al troch de ieuwen hinne
meastal weage op ‘e wyn
of blak lei yn de gleone sinne,
hoe giet dat de takomst yn?
Kin de mar ’t klimaat ferneare?
Bakken wetter út ‘e loft
en stoarmen dy’t mei tonger beare,
hieltyd koarter tuskenskoft.
Lit de Noarske fjorderotsen
komme nei de Snitser mar
dat de rûge weagen stikken botse
op in bûtenlânsk ferwar.
Dat de himel in metalen
oansjen kriget boppe ’t wiet:
it dak dat heint de hege halen
fan wat ús de takomst biedt.
|