Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hillich thús

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wat set de minske fêst
yn ’t ramt fan glês-yn-lead?
It is him eartiids leard,
it hillichst op syn bêst.

Image

It krús mei brutsen lea,
Jehannes en de mem;
noch ien kear klinkt syn stim,
dan rêst Er yn de dea.

Image

It swurd foar striid op striid
fan Paulus mei it Wurd,
hy wit wol hoe’t it wurdt,
as ’t ljocht snijt troch de tiid.

Image

De kaai yn Petrus’ hân
is neffens ’t himelsk slot,
beskikking fan it lot:
yn ’t ljocht of yn de brân.

Image

It byld rint troch de tiid,
ferstillet as in non,
besletten yn beton,
ien klik en ’t wurdt wer wiid.

Image

It opsteand hout fan ’t krús,
it swurd foar swaai op swaai,
de klik fan lins en kaai,
sjedêr ús hillich thús.

Image

Glês-yn-lead finsters yn de kapel op it rooms-katolike hôf yn Snits

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum