september 11, 2026

fan Jopie Huisman*
By syn soan kaam hy om treast,
gjin wurd kaam oer syn lippen,
mar syn hâlding spriek foar him:
‘Ik ha dyn leave mem ferlern,
har geast mis ik it meast.’
By de hân hie ik ’t palet
en streke hiel syn hâlding,
nei in oerke wie it klear
en swijend spriek it skilderij:
‘Myn treast is dyn portret.’
Achtentachtich jier, myn heit
hold fêst oan it ferline
fan twa-ienheid yn ’t bestean:
‘Ik kin dyn leave mem noch sjen
en fiel wat sy my seit.’
Koe ik him ferkeapje oan…
nee, sels net oan de dokter,
dy’t op heit in bod útbrocht.
‘Myn leave mem hasto ferlern,
’k bliuw yn har geast dyn soan.’
* Jopie Huisman (1922-2000)
Skilderij ‘Myn heit’
september 5, 2026
augustus 22, 2026