oktober 4, 2016
Doe massive wetterholle om fan heech ôf druk te jaan, hjoed de dei gjin each tefolle om de lichte acht te slaan.
Tuorrebouten sûgje wetter, fiedingsboaiem foar har groei om in libbensfaze letter brún te wurden fan de bloei.
Sa symboal fan jong te wêzen, wiisheid út ‘e boaiem wei nei de hichte ta te lêzen, útsjen oer de nije dei.
augustus 26, 2024
augustus 19, 2024