Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for september, 2018

admin

Ares

Mytebylden

fan ûnbekend*



As soan fan Zeus liet hy him jilde:
striidber, stribjend nei gesach en rom,
sjedêr de god fan oarloch, Ares,
mei syn toarst nei minskebloed…
syn slach ferrûn faak krom.

Hy keas de kant fan de Trojanen,
wylst Athena hold it mei de Gryk,
in goadestriid yn de famylje;
Ares kaam yn harsensnoed,
mar waard noch krekt gjin lyk.

De oarlochsgod koe wol ferliede:
Aphrodite loek er op syn bêd,
wat striid oprôp mei har Hephaistos,
smid mei izer yn it fjoer,
hy fong it pear yn ’t net.

Hephaistos nûge alle goaden
út om nei it bleate pear te sjen,
wat útrûn op homearysk laitsjen;
Ares’ leafdesstriid wie oer…
hy hie de slach ferlern.

* Byld ‘Oarlochsgod Ares’

admin

Klachten foar de hichte

Keunst

fan Marc Chagall*

De bouwers rikten folle heger
as de langte fan har earm,
opdat de fijân bûten bleau,
mar wa koe keare keizers leger?

Foar ’t leauwe wie ’t de timpelmuorre,
dy’t it altyd hâlde soe
en dêr’t gjinien de spot mei dreau
salang’t it joadske lofliet duorre.

Nei ’t woedzjen fan ’t Romeinske leger
bleau de muorre rjocht oerein,
it plak dêr’t lang it kleiliet klonk,
dat klom, mar kaam it folle heger…

… as earder bouwers rikke koene?
Machten stieken út de earm,
sadat it folk yn leed weisonk:
de wrede dea socht op miljoenen.

Lit hjoed de muorre heger wêze
as de wolken fol mei rein,
opdat de Heechste Macht de klacht
fan ’t sleine folk klear wit te lêzen.

* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘De kleimuorre’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum