Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for september, 2018

admin

Arion

Mytebylden

fan ûnbekend*

Op Lesbos song hy ’t eilân rûn,
syn eigen lieten dy’t fier klonken:
yn de earen fan dolfinen,
net oan weach en minske bûn,
it wie de geast om mei te pronkjen.

Dyselde geast brocht Arion
ek op Sisilië, syn lieten
lieten gouden munten klinke,
mar der wie ferskil fan toan,
sa’t haaien wol dolfinen bieten.

De sjonger foer mei ’t goud werom,
in situaasje om te stellen
en himsels yn see te smiten,
op ’e plecht klonk noch syn song,
doe sprong hysels nei trije tellen.

Sjedêr hoe’t in dolfyn heech sprong
om op ’e rêch him op te heinen,
dat doe klonken fier de lûden
fan dolfinen as in song:
‘In sjonger lit gjin goud mear reine.’

* Yllustraasje ‘Arion rêden troch in dolfyn’ 

admin

Oppasser Saulus

Bibelbylden

fan Rembrandt*

In stien ha ik net smiten,
spriek ek net it oardiel út,
hoewol’t de hân my jûke,
op myn lippen lei ’t beslút:
de deastraf foar dy Jezus-fint,
syn wurden kinne wy net brûke.

Ik hear noch syn ferwiten
oan de lieders fan it folk,
hy neamde har stiifkoppen,
wie fan Jezus sa de tolk.
‘Ferrieders, moardners!’ sloech er út,
syn wurden kamen oer as skoppen.

Wa’t skopt, kin slaan ferwachtsje,
stiennen smite, slach op slach;
de mantels dy’t dêr leine,
ha ’k op passe, tige wach;
wylst seach ik nei dy Jezus-fint,
syn lêste wurden koe ’k opheine:

‘Hear, wol ferjaan har sûnde!’
’t Hie net folle raarder kind.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De stienniging fan Stefanus’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum