Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for september, 2018

admin

Bûgje foar it wûnder

Lyrysk Deiboek

It gûnze net mear om my hinne
as ik tusken griene greiden rûn,
dêr’t kleur noch fleur oan te belibjen wie,
it fee friet him de pânse rûn
en hoegde skitend net te stinnen.

It fee koe ’t gûnzjend folk wol misse,
swypke folle minder mei de sturt,
mar blom en fûgel wisten har gjin rie
en bleauwen nei in pear jier fuort,
de kij ha foar mear jarre pisse.

Ik rûn mar troch en hearde gûnzjen,
snúfde swietrook fan mear blommen op
as yn de greiden te belibjen wie,
ik hold by ’t wite wûnder stop
en fielde ’t hert ynienen bûnzjen.

Dêr siet ien op in blom te sûgjen,
lade huning yn, naam stomoal mei,
lykas syn warber folk foarhinne die,
ik skôge dêr mei ynmoed nei,
en moast wol foar dy iene bûgje.

admin

Messina wit fan ûnheil

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Messina,
âlde stêd oan smelle strjitte,
fuotbal foar de frouljuslears,
dy’t wier net foar de deltraap keas,
do hast fan striid en ûnheil witten.

Messina,
earst koloanje fan de Griken,
feilich wiest as havenplak,
do joechst de flechtling ûnderdak,
moast foar de fijân ek faak wike.

Messina,
trouwe bûnsmaat fan Romeinen,
letter seachst de Arabier,
do joechst de Noarman munt en sier,
bleaust lykwols nea de lang fersleine.

Messina,
fan grut ûnheil hasto witten
doe’t dyn grûn de deltraap joech,
de weagen riisden, kolken rûch
út smelle strjitte troch dyn strjitten.

* Foto ‘Gefolgen fan de ierdbeving en tsunamy,
dêr’t yn  1908 70.000 minsken by omkamen’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum