Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for september, 2017

admin

Nevestriid

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2006

Se binne skier fan wetter,
fjirtjin skûtsjes foar de wâl,
wylst drippen op ’e dekken kletterje,
hjoed giet it yn de nauten mâl,
dus klinkt it startskot letter.

De Pan sjit dan as earste
de Folkertssleat yn, gjin gefaar,
hy kin as winner him ferbetterje,
alhiel ôfhinklik fan it waar,
bestjoerd troch skrouske geasten.

Mar Douwe* wol neat witte
fan geasten yn de simmerkjeld;
al sil it yn de striid ek spetterje,
hy bliuwt oan ’t roer de bleate held,
syn neef lit him wol switte.

Dy Douwe** sjit nei foaren
en hâldt Doarp Grou noch justjes del
yn stilte, gjin ferlet fan snetterjen,
want op dat stuit jildt elke tel…
Grou hat de stân feroare.

* Douwe Visser fan Snits
** Douwe Visser fan Grou

admin

It lot fan de mûs

Keunst

fan Willem van Mieris*


Stiet dêr Marije net
stil op ’e achtergrûn
de aksje oan te sjen?
Se hat gjin teken jûn
om net deryn te gean,
it mûske hat de slach ferlern.

Is dat Marije net
en hat se noch gjin bern
dy’t foar it libben gean?
It is har oan te sjen
dat sy der nocht oan hat
om libben mei de dea te stean.

Leit soks net yn it aard
fan mûs en frou en kat
fanwege it bestean?
It is de mûs syn lot
troch wat de frou sa fielt,
de kat hat by dy beide baat.

* Willem van Mieris (1662-1747)
Skilderij ‘De deade mûs’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum