Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for september, 2017

admin

Grinsprobleem

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Grinzen liede faak ta striid,
want steaten easkje mear gebiet
as wêr’t se einliks rjocht op ha,
se sjonge dan it oarlochsliet,
dat driigjend trochklinkt wiid en siid.

Steaten wolle kusten ha:
Alaska wie lang fan de Rus
mei fjorden nei it suden ta,
Amearika waard keapman, dus
wie ’t mis foar Kanada.

Oarloch of in tribunaal
dat om it krekte lykwicht socht,
op frede moast it einliks ta;
Amearika kriich mear as tocht,
de útspraak joech kabaal.

Kanada wie op ien ein,
mar rekke net gau fan de kaart:
gjin hannel mei Amearika!
It hat net ta in oarloch laat,
sa is gjin grins ferlein.

* Kaart ‘Grinsskeel Alaska’

admin

Fan de stomme duvel befrijd

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Ik snap net hoe’t it kin,
mar wêrom moat ik alles witte?
Wichtich is om wer te praten;
as stomme wie ik krekt in bern
dat oaren oan syn lot oerlitte.

Beëlzebul, dat is
de opperduvel fan dy oaren,
ien dêrfan hie my te pakken;
as stomme hie ’k it altyd mis,
mar dat hat Jezus hjoed feroare.

Ik snap net wat er sei
doe’t oaren ’t oer de duvel hiene
dy’t him holp mei it ferjeien;
ik wie der dik tefreden mei
dat alle duvels flechte wiene.

Ien ding snap ik wol goed,
hy, Jezus, docht it net allinne,
moat wol help fan boppen krije;
as prater ha ik alle moed
om mei in rjochte rêch te rinnen.

* Yllustraasje ‘Jezus driuwt in duvel út’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum