Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for mei, 2017

admin

Twa ferhalen

Lyrysk Deiboek

De stilte sprekt yn strieletaal
dy’t streekrjocht weisjit fan de sinne,
dan troch mist en dize slûpt
om mei dy minske op te rinnen
dy’t yn meditaasje fierder krûpt
en harket nei har âld ferhaal:

‘Ik bin in frou dy’t hâldt fan swijen
om’t om my hinne hichten sprekke
fan it lytse dat hjir rint,
dan ha ’k gjin lêst fan grutte bekken,
fan it machtsfertoan dat faakris wint,
as stille frou sil ik dat mije.’

De wyn skuort oan, hâldt fan kabaal
en swypket wetter op ta weagen,
dy’t mei klotsen krije skom,
in proai om daliks fuort te reagjen,
dêrmei wint it machtsfertoan syn rom,
fiktoarje nei in rûch ferhaal.

admin

Moard op in presidint

Skiednisbylden

fan ûnbekend*



De sinne sjocht net folle nijs
op ierde, sels net yn Amearika,
McKinley woe it measte ha
en Leons brein wie fier op reis.

McKinley wie as presidint
út op in grut ympearium, syn wrâld
fan macht, hy waard lykwols net âld,
mar troch twa skotten wol bekend.

Troch Leon, Poal en ymmigrant,
dy’t skeat, kaam hiel Amearika yn shock,
de frjemdling waard foar ’t lân in flok,
de grinzen doogden fan ien kant.

De presidint wie noch net dea,
mar kâldfjoer taaste oan it waarme fjoer,
hy joech dêrom syn machtspul oer,
de sinne taaste ôf it gea…

* Skilderij ‘Portret fan presidint William McKinley’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum