Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for mei, 2017

admin

Snein yn in oare tiid

Lyrysk Deiboek

’t Wie sneintemoarn, acht oere,
doe’t it reid de eare song
fan skepping of fan evolúsje,
yn ferhâlding wie it grien noch jong,
hie yn de maitiid wol fidúsje.

Twa iere skippen foeren
fan it suden nei it noard,
ferskillend kamen se foar eagen,
ien hie lizzend libben guod oan board,
it oare foer heech op ’e weagen.

It reid song troch en roerde
him noch sterker yn it liet
oer ’t minsdom yn de evolúsje,
’t wie wol snein, mar yn in oare tiid,
de werklikheid wie gjin yllúzje.

admin

Omke Sam en de ezel

Skiednisbylden

fan Winsor McCay*
fan ûnbekend**



Fuort mei de Spanjaard op de Filippinen,
omke Sam joech him in kapitaal
om mei ferdrach rap te ferdwinen,
’t wie net de ein fan syn ferhaal.

Want omke Sam bleau op de Filippinen,
’t machtich grut ympearium spriek oan,
sa soe syn sinne oeral skine,
de archipel as gouden kroan.

De ezel, foarbyld foar de Filippinen,
koppich yn de striid foar ’t eigen rjocht,
it dier liet him net maklik bine,
hat omke Sam ta wanhoop brocht.

Mar omke stjoerde mear as hûnderttûzen
striders om te fjochtsjen foar syn macht,
de boargers rekken dea as mûzen,
yn kampen hearske lang de nacht.

Dus fuort mei omke op de Filippinen,
deaden binne mear as kapitaal,
it eigen rjocht wurdt wûn mei pine,
de archipel sprekt yn syn taal.

* Winsor McCay (1869-1934)
Spotprint ‘Uncle Sam en de ezel’

** Foto ‘Filippynske oarlochsslachtoffers’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum