Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for maart, 2017

admin

Alvetûzen fromme fammen

Keunst

fan Hans Memling*



Sjoch har rizen, hillich frommes,
boppe alvetûzen fammen út,
’t is Ursula, by einbeslút
ûnteard, fermoarde om har frommens.

’t Houlik mei de prins, in heiden,
koe wol trochgean, earst oer trije jier,
de boat dreau ôf, kaam withoefier,
it waard de skieding fan dy beiden.

Alle fammen wiene rêden,
dus woe Ursula nei Rome ta,
op beafeart, want dat hearde sa,
in reis fan withoefolle trêden.

Alvetûzen waarden tsjûgen
fan de Hear, dy’t harren rêden hie,
se struiden sa it geastlik sie,
ûnkundich wa’t mei swurden sloegen.

Hunnen stieken mei har swurden
yn it fleis, har sie foar fammebloed,
dat riisde ta in reade floed,
te grousum foar in protte wurden.

* Hans Memling (sirka 1435-1494)
Skilderij ‘Sint-Ursula-skryn’

admin

Mei Jehannes op ‘en paad

Bibelbylden

fan Titiaan*


Sa waard ik dreaun nei de woestyn
as wie der net in oare kar
as stilte om my hinne,
ek de Geast as waarme wyn
en ûnder wetter waard ik skjin
fan geast, foar my wie gjin ferwar,
ik moast dat paad wol rinne.

In jas ha ’k fan kamielehier,
in learen gurle om de mul,
ik fang foar ’t miel sprinkhoannen,
want de Geast hat neat mei sier
en oerfloed, ’t libben krijt earst sin
as men opnij begjint, by nul,
lykas by nije moanne.

It is safier, myn taak begjint,
de minsken komme der al oan,
ha fan myn delgong witten;
wa’t datselde paad giet, wint
it libben, skôget yn de rin
fan syn bestean de wiere Soan…
ik mei dat witte litte.

* Titiaan (sirka 1487-1576)
Skilderij ‘Jehannes de Doper’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum